ONS ferliest yn ekstra tiid

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon op eigen fjild mei 2-1 ferlern fan Capelle. Yn in lykopgeande striid kaam Capelle yn de 24e minút op foarsprong. Curty Gonzales krige each yn each mei de keeper de bêste kâns op de lykmakker, mar hy fersomme te skoaren. Op slach fan rêst wie it Ale de Boer dy't dochs de 1-1 op it boerd sette.
Nei rêst folop kânsen oan beide kanten. Yn de slotsekonden fan de ekstra tiid wie it Capelle dat úteinlik de trekker oerhelle en sa in swierbefochten oerwinning oer de einstreek luts.
De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stykjen op 32 punten út 22 wedstriden yn de sneonstopklasse.