Tredde NK-titel foar Amels

Heechspringer Douwe Amels út Drachten is sneon foar de tredde kear Nederlânsk kampioen wurden by it NK yndoar atletyk yn Apeldoorn. Amels sprong in goede wedstriid en hie mar ien sprong noadich om oer 2,10 meter te kommen. Dat wie genôch foar de nasjonale titel. Amels kaam úteinlik út op in hichte fan 2,18 meter. Dêrmei wist er syn persoanlik rekôr fan 2,23 meter net te ferbetterjen.