Goud foar Sven, Koen en Jan

22 feb 2014 - 16:04
  • Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen fiere de goud medalje

Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen ha sneon it Olympysk goud pakt by de ploege-achterfolging yn Sotsji. Yn de finale setten de Nederlânske manlju in winnende tiid fan 3.37,71 op 'e klok, in nij Olympysk rekôr. De Súd-Koreanen Hyong Jun Joo, Cheol Min Kim en Seung Hoon Lee klokten in tiid fan 3.40,85 en pakte dêrmei it sulver.

It brûns gong nei de Poalske manlju Zbigniew Brodka, Konrad Niedzwiedzki en Jan Szymanski, dy't yn de B-finale wûnen fan de Kanadeeske manlju Mathieu Giroux, Lucas Makowsky en Denny Morrison.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)