Nederlânske froulju nei finale

Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Jorien ter Mors hawwe har sneon pleatst foar de finale fan de ploege-achterfolging. Yn de heale finale waarden de Japanske froulju Ayaka Kikuchi, Misaki Oshigiri en Nana Takagi ienfâldich ferslein. It Nederlânske trijetal klokte in tiid fan 2.58.43, opnij in ferbettering fan it Olympysk rekôr.
Yn de finale sil Nederlân it opnimme tsjin Poalen mei Katarzyna Bachleda-Curus, Natalia Czerwonka en Luiza Zlotkowska. Dy wûnen yn de earste heale finale fan Ruslân mei Olga Graf, Yekaterina Shikova en Yuliya Skokova.