Einekoerflechtsjen Poppenwier

22 feb 2014 - 14:38

Yn Poppenwier hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters 'De Strampel' dizze sneon in beurs om minsken sjen te litten hoe't einekuorren makke wurde. De maitiid stiet wer foar de doar en dat betsjut dat einekoerflechters wer kuorren meitsje foar it nije briedseizoen.

De tradysje fan einekoerflechtsjen is al ieuwenâld en de feriening wol dit ambacht yn libben hâlde. Gjalt de Groot út Holwert rjochtte dêrom twa jier lyn de feriening op. Tsientallen minsken hawwe sneon al te sjen west by de beurs.

De Groot seit dat wilens de earste eine-aaien al fûn binne. Dat is twa wiken earder as normaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)