'Boerd Oldeboorn is flaterke'

Aldeboarn krijt takom wike tiisdei nije plaknammebuorden. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean. Freed ûntstie der argewaasje yn Aldeboarn om't de gemeente nije buorden mei de Nederlânske namme Oldeboorn delsetten hie.
Al yn 1989 is de Fryske namme as offisjele namme ynfierd. Neffens Van der Zwan giet it om in flaterke dat no fuortendaliks wersteld wurdt. De FNP-fraksje yn dy gemeente hat yntusken skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan b. en w.
De âlde, besteande, buorden binne op âldjiersnacht meinommen, nei alle gedachten troch minsken dy't in oantinken hawwe woene oan de âlde gemeente.