Man op stellen skooter oppakt
In 27-jierrige Assenaar is freedtejûn by in kontrôle yn Ljouwert oppakt, om't er op in stellen skooter oer de Grinzerstrjitwei ried. De plysje fertinkt him fan heling.
By de arrestaasje die boppedat bliken dat de man gjin rydbewiis hie en in nepfjoerwapen by him hie. De man sit noch fêst en foar alle trije feiten makket de plysje proses-ferbaal op.