Slaanderij op It Hearrenfean

22 feb 2014 - 10:15

In 34-jierrige ynwenner fan Aldskoat is freedtenacht oppakt foar mishanneling. De fertochte hat in man út Drachten slein yn in kafee op It Hearrenfean.

It slachtoffer hie op dat momint spul mei in freon fan de fertochte. De man út Aldskoat kaam tuskenbeide en dielde in fûstslach út. It slachtoffer foel troch de klap op de grûn en krige in bierglas yn it gesicht. Hy is yn it sikehûs oan syn ferwûnings holpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)