Deadlik ûngelok by Lippenhuzen

22 feb 2014 - 08:04

Op de Sweachsterwei by Lippenhuzen is yn de nacht fan freed op sneon in 18-jierrige automobilist út Drachten om it libben kaam. De bestjoerder rekke mei de auto fan de dyk en botste op 10 meter fan 'e dyk op in beam.

De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle. Ek in traumahelikopter waard oproppen. De Drachtster is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)