Flyers ferliest fan Tilburg

21 feb 2014 - 22:44

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha freed mei 3-1 ferlern fan Tilburg Trappers. Yn Tilburg sette Tony Demelinne de Feansters al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Yn de twadde perioade krige de thúsploech mear kânsen wat resultearre yn de lykmakker. Nettsjinsteande goede kânsen foar de Flyers wie it Tilburg dat yn de slotminuten fan de twadde perioade de lieding oernaam.

Goed keeperswurk fan Martijn Oosterwijk hold de Flyers lang yn de wedstriid, mar koe net foarkomme dat Tilburg yn de tredde perioade dien wurk makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)