Wedstriid fuotbalsters staakt

21 feb 2014 - 22:04

De wedstriid fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean tsjin Anderlecht is freedtejûn staakt by in stân fan 3-0 yn it foardiel fan de Friezinnen. Yn België sette wa oars as topskoarster Vivianne Miedema de iepeningstreffer op it skoareboerd. Ek de 2-0 en de 3-0 kamen op har namme.

Troch problemen mei de ferljochting moast de striid lykwols al foar it skoft meardere kearen stillein wurde. De wedstriid rûn dêrtroch sa bot út dat de arbitrale lieding besleat om de striid yn de 42e minút te staken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)