Takomst foar Buismanstichting

De Hein Buismanstichting is bliid mei de plannen fan de gemeente Harns om de stichting nei libben yn te blazen. De seit foarsitter Jan Kersbergen. De stichting renovearret monumintale hûzen yn de gemeente Harns. Troch jildgebrek hat it wurk de lêste 10 jier stillein. Harns wol yn gearwurking mei de provinsje de boel wer oppakke.
Mei-inoar moat der sa 'n 1,8 miljoen euro op it kleed komme foar nije projekten. De gemeente hopet dat de provinsje dêr de helte fan betellet. De oare helte moat út de reserves fan gemeente en de stichting komme.