Gjin finale foar Sjinkie Knegt

21 feb 2014 - 18:28

Shorttracker Sjinkie Knegt is der freed net yn slagge de finale fan de 500 meter te heljen. Yn de heale finale feroarsake de Bantegeaster in falske start, wêrtroch't de manlju op 'e nij starte moasten. Yn de werkânsing hie Knegt in hiele minne start, wêrtroch't er úteinlik as tredde oer de einstreek kaam. Dat wie net genôch foar in plakje yn de finale.

Yn de B-finale sparre Knegt him foar de relay en einige er as lêste. Mei it fjirde plak einige Knegt as 8e yn it einklassemint. De Rus Viktor An pakte yn de A-finale mei oermacht it goud.

Ek Jorien ter Mors slagge der op de 1000 meter net yn in finaleplakje te heljen. Sy einige lykas Sjinkie Knegt as tredde yn de heale finale. Ter Mors wûn de B-finale fan har ienige tsjinstanster, de Kanadeeske Valerie Maltais.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)