Fragen oer plannen wynenerzjy

21 feb 2014 - 17:56

Deputearre Hans Konst wol fan Provinsjale Steaten witte hoe't it fierder moat mei de wynenerzjy yn Fryslân. Oant no ta fiert Konst de ôfspraken út sa't dy yn it koälysjeakkoart fan PvdA, CDA en FNP steane. Yn dat akkoart stiet ûnder mear dat der in wynmûnepark yn de Iselmar by de Ofslútdyk komme moat.

Dêr is lykwols no in soad krityk op. Goed 1200 minksen hawwe harren sjenswize ynstjoerd. Dy krije begjin takom wike berjocht fan de provinsje. Yn april moatte de Steaten in beslút nimme oer de takomst fan wynenerzjy yn Fryslân.

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wol net dat der in park by Makkum komt, ek al seit de provinsje dat de wynmûnen fierder út de kust komme te stean. It wynmûnepark by Makkum is it foech fan it Ryk.

De provinsje moat fan de lanlike oerheid 530 megawatt wynenerzjy yn Fryslân opwekke en docht dat it leafst yn oparbeidzjen mei it Ryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)