Knegt nei heale finale 500

21 feb 2014 - 17:45

Sjinkie Knegt is der freedtemiddei yn slagge de heale finale fan de 500 meter shorttrack yn Sotsji te berikken. Yn de kwartfinale einige Knegt as earste. Yn it gefjocht om it earste plak wie de Bantegeaster yn 'e slach mei de Rus Semen Elistratov, dy't ûnderút glide.

De sjuery besliste dat der neat oan de hân wie, wêrtroch Knegt as earste trochgiet nei de heale finale. Freek van der Wart slagge der yn heat trije net yn de heale finale te berikken. Hy waard ûnderút helle troch de Rus Vladimir Grigorev en einige as tredde.

De bêste twa riders fan de kwartfinales geane troch nei de heale finales dy't letter op de jûn fan start geane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)