Wendoarp foar Special Olympics

21 feb 2014 - 14:13

Der komt in Olympysk doarp njonken it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean dêr't de sporters fan de Special Olympics sliepe kinne. Oant no ta hawwe har al goed 1800 sporters ynskreaun foar de nasjonale Spelen foar ferstanlik beheinde sporters.

Oant en mei snein kinne dielnimmers har noch ynskriuwe. Yn totaal kinne der 2000 sporters meidwaan oan ferskate sporten. De organisaasje is tige tefreden oer de animo oant no ta. De nasjonale Spelen binne op 13, 14 en 15 juny yn Snits en op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)