Fertochte Curaçaostrjitte frij

21 feb 2014 - 12:58

De 45-jierrige Ljouwerter dy't der fan fertocht waard dat er begjin jannewaris yn de Curacaostrjitte yn syn wenplak in stêdsgenoat deastutsen hie, is frijlitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje sein.

De man is woansdei troch de rjochtbank op frije fuotten steld. It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop tsjin de frijlitting. De saak tsjinnet kommende moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)