Brânfoarljochting op skoalle

20 feb 2014 - 21:10

De brânwacht sil op basisskoallen foarljochting jaan oer brânfeiligens. Op sa'n 150 Fryske skoallen krije de bern in brânwachtman of -frou op besite dy't oer de gefaren fan brân fertelt, útlis jout hoe't brân foarkommen wurde kin en wat te dwaan as der brân is.

Earder waard der yn in pear gemeenten al foarljochting op basisskoallen jûn, mar no't der sûnt 1 jannewaris ien Veiligheidsregio Fryslân is, wurdt it sintraal regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)