Jild nedich foar skûtsje

20 feb 2014 - 20:52

De Stichting Ljouwerter Skûtsje hat goed 150.000 euro nedich om it skûtsje 'Rienk Ulbesz' te renovearjen. It skûtsje fiert dit it jier it 100-jierrich bestean, mar it izerwurk is nedich oan renovaasje ta. Neffens stichtingsfoarsitter Marco Quak moatte der flot nije sponsors fûn wurde om de renovaasje útfiere te kinnen.

Mei de renovaasje hopet Quak de kommende 50 jier wer goed oan de SKS-wedstriden meidwaan te kinnen. It doel is om yn oktober mei de wurksumheden útein te setten en yn jannewaris 2015 klear te wêzen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)