Wetterskip leveret gas

20 feb 2014 - 20:08

It Wetterskip Fryslân sil gas leverje oan de nij te bouwen Wettercampus en it gebou fan Fier Fryslân oan de Holstmarwei yn Ljouwert. It giet om biogas dat helle wurdt út it slib fan de wettersuvering. Der sil alle jierren goed 85.000 kúb gas levere wurde, wat gelyk stiet oan it jierlikse ferbrûk fan 36 húshâldens.

It giet om in proef foar it wetterskip, dy't goed 15 jier rinne sil. De levering set ein dit jier útein. It Wetterskip Fryslân is it earste wetterskip yn Nederlân dat gas leveret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)