Grut skip nei Harns

20 feb 2014 - 19:33

It op ien nei grutste noch aktive sylskip fan de wrâld komt op 3 july nei de Tall Ships Races yn Harns. It giet om de Russyske fjouwermêster De Kruzenshtern. De totale lingte fan it skip is 115 meter. It skip is boud yn 1926.

Mei de komst fan De Kruzenshtern komt it totaal oantal skippen op 55.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)