Aris tsjin lânskampioen Leiden

20 feb 2014 - 15:52

De Ljouwerter basketbalklup Aris spilet de earstfolgjende wedstriid yn de beker tsjin Leiden. It giet om de heale finale foar de Nederlânske beker. Lânskampioen Leiden spilet de earste wedstriid op 4 maart yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert. De return is dan op 12 maart yn Leiden.

Yn de oare heale finale foar de basketbalbeker treffe Grins en Den Bosch inoar. De bekerfinale is op 30 maart yn Zwolle.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)