Baai Dellewal wol EU-jild

Mei de presintaasje fan in natuerwerstelplan giet de aksjegroep ta behâld fan Dellewal op Skylge op jacht nei Europeeske subsydzje. De stifting Baai Dellewal stribbet nei in status fan beskerme natuergebiet as Unesco Wrâlderfguod foar de hiele baai.
De stifting hat ûnderwilens al 130.000 euro oan jild út de mienskip krige. Dat is noch te min foar it miljoeneprojekt. Betingst is wol dat de gemeente 7000 kante meter dúngebiet oan de stifting oerdocht. Dat gebiet is no noch foar de útwreiding fan Hotel Schylge reservearre.
Hoteleigener Harry Westers wol perfoast net dat de gemeente it gebiet oan de stifting Baai Dellewal oerdocht. Hy driget mei in miljoeneclaim. Boppedat krijt de gemeente ek nochris 2,5 miljoen euro oan de broek as it terrein oan de Dellewal de boubestimming kwytrekket. Troch alle finansjele perikels moat de gemeente no mooglik lokale belestings, lykas de ûnrepliksaakbelesting en toeristebelesting, omheech dwaan.