Legeroefening by De Gordyk

20 feb 2014 - 12:16

De lânmacht is tongersdei op in training fan njoggen dagen op De Gordyk belâne. Sûnt moandei is it leger yn Fryslân dwaande mei de militêre oefening Dutch Bison.

By de oefening op 'e Gordyk is in pleats ynnaam troch rebellen. It doel is dat de lânmacht it gebou op in taktyske manier wer ynnimt. Oan de oefening op 'e Gordyk diene twahûndert militêren mei. Oefening Dutch Bison fynt plak yn it gebiet tusken It Hearrenfean en Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)