Blog: Go Sjinkie! Go Daan!

20 feb 2014 - 11:46

Man, man, man. Yn it Hollânsk sizze we dan: de laatste loodjes.

Oant no ta libje ik allinnich mar op adrenaline. Wurch bin je wol, mar eins ek wer net. Omdat der hieltyd wat gebeurt, je skerp wêze moatte en optimaal genietsje. Hjoed is it lykwols rêstich en dus: BAF. Sloopt.
Hjoed is der allinnich in parsekonferinsje oer de ploege-efterfolging. Arie Koops hat it team bekend makke. Ynterview krekt dien, ferwurke en opstjoerd en no rêst. Oant moarntemoarn ta. Wat in weelde. Oant no ta hie ik ien deidiel frij hân. In jûn. Dus ik wie der wol efkes oan ta.

Mar gjin soargen hear. It bliuwt fantastysk. En persoanlik fyn ik dat it hichtepunt noch komme moat. Of miskien noch komt. Freed is de lêste shorttrackdei. Knegt stiet yn de kwartfinale fan de 500 meter. Hy soe dêr stunte kinne. Mar it giet foaral om de relayfinale mei Sjinkie en Daan Breeuwsma. Oh, oh, oh, wat wurdt dat moai. Fiif lannen stean yn de finale. De riders fan Kazachstan hawwe twa kear sjoen dat der minsken foar harren falle. De oare fjouwer lannen binne allegear goed. Amearika hat al wrâldbekers wûn, mar de Amerikanen falle yndividueel oant ta tsjin mei kopman Celski. Favoriten Koreä en Kanada binne útskeakele. Sina is goed, mar miskien lykweardich. Ruslân is op it stuit de favoryt. Mei Sjinkie syn "maat" Victor An. De Russen wûnen op it lêste EK fan Nederlân en binne de aartsfijân wurden. De Nederlanners wolle sa graach de Russen ferslaan yn eigen hûs. Mar de Iceberg-Arena wurdt in hekseketel. It stadion is mei 12.000 man al wiken útferkocht. It moat ien fan de Russyske hichtepunten wurde. Hielendal no't it lân yn rou is troch de útskeakeling fan de iishockeyers en de Russyske held Ploesjenko net meidwaan koe troch in blessuere oan it keunstriden.

Kazachstan, Sina, Ruslân, Amearika en Nederlân. It kin sa mar in medalje wurde. It kin sels goud wurde. En it kin Ruslân in klap útdiele. Daan en Sjinkie, sukses!

Lês hjir it foarige blogberjocht oer Jorrit Bergsma of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)