Folle mear minsken mei WW

It tal WW-útkearings yn Fryslân is ferline jier mei mear as 18 prosint tanaam. Dat docht bliken út sifers fan útkearingsynstânsje UWV. Yn jannewaris allinnich al wie der in opgong fan 6 prosint yn fergelyk mei de moanne dêrfoar. Benammen yn de sektor soarch en wolwêzen binne no folle mear WW'ers.
De ûntwikkeling lit sjen dat de soarch net mear de banemotor is dy't it yn it ferline wol wie. Benammen in soad fersoargjend personiel krige it ôfrûne jier dien.