Fryske fynst smyt soad jild op

19 feb 2014 - 21:58

De Fryske ûndersiker Jan Harmen Wiebenga fan de Universiteit fan Twente hat in oplossing fûn om flaters yn it produksjeproses foar te kommen. Sa besparje bygelyks autofabrikanten in slompe jild. Wiebenga hat kompjûtermodellen makke, dêr't de fabrikaazje fan bygelyks motoaren yn in fabryk mei simulearre wurde kin, sadat yn it foar te sjen is wat misgean kin en hoe't dat foar te kommen is.

Der is in soad ynteresse foar it wurk fan de Fries, benammen by de Dútske auto-yndustry.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)