Grutte oefening yn Boalsert

© ANP
Boalsert stie woansdeitejûn yn it teken fan in grutte brânwachtoefening. Tal fan brânwachtweinen fan Sint Anne, Ferwert, Frjentsjer, Harns en It Hearrenfean kamen op snelheid nei de stêd ta, om in grutte, sabeare, brân by Rentex Floron te blussen. De blusgroepen woenen de kommunikaasje mei de meldkeamer, de ferpleatsing fan de weinen en de byldfoarming fan de brân traine.
Brânwacht Fryslân is fan doel om dit ynkoarten ek mei de oare blusgroepen yn de provinsje te oefenjen.