Undersyk útfiering WMO yn SWF

De gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel wolle witte hoe't de ynwenners oardiele oer de útfiering fan de WMO. It giet om bygelyks de tsjinstferliening oan minsken dy't help nedich ha, omdat se troch in ûngelok of sykte beheind binne en net mear dwaan kinne wat moat. Guon hawwe ferlet fan in rollator, oaren help yn de húshâlding.
Mear as 1000 minsken, dy't no al holpen wurde, krije in fragelist dêr't se op oanjaan kinne oft se tefreden binne. Doel is om de útfiering te ferbetterjen as it nedich is, seit wethâlder Sjoerd Tolsma.