Breidzje foar dakleazen

Dakleazen yn Ljouwert, Grins en Emmen hawwe in trui, sokken, in sjaal of mûtse krigen fan it Leger des Heils. Alles breide troch frijwilligers yn it lân. Dy dogge dat omdat breidzjen in hobby is en omdat se dakleazen helpe wolle. It giet om de aksje 'Blij dat ik brei'. Der binne 1000 truien ynlevere, dy't ferdield waarden oer de trije lokaasjes fan it Leger des Heils.
De temperatueren binne heech foar de tiid fan it jier, mar as jo bûten sliepe moatte dan is it noch hieltyd kâld, sa seit in meiwurker fan it Leger des Heils.