Unôfhinklik ûndersyk wynpark

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gefolgen foar it toerisme as der in grut wynmûnepark komt yn de Iselmar. Dat hat Provinsjale Steaten woansdei yn mearderheid besletten. De VVD woe dat ûndersyk graach foardat der yn april in beslút naam wurdt oer de bou fan sa'n park.
De partij makket him grutte soargen oer de gefolgen foar it tal toeristen dat dan nei de Iselmarkust komt. Neffens harren kinne de wynmûnen der wolris foar soargje dat der goed 20% minder minsken komme. In ûnôfhinklik ûndersyk moat no útwize oft dat echt sa is.