Maksimaal 5693 ljipaaien sykje

19 feb 2014 - 17:06
  • Ljipaai

Aaisikers meie dit jier maksimaal 5693 ljipaaien sykje en meinimme. Dat hat de provinsje bekend makke. Dit tal is basearre op de sifers fan ûndersyksburo SOVON. Dat oantal is ien prosint fan it jierlikse stjertesifer fan de ljip. Troch dit tal aaien mei te nimmen soe de stân fan de ljip net oantaaste wurde, sa seit de provinsje. Elk dy't sykje wol, moat in aaisikerspas hawwe en moat fynsten melde fia it sms-kontrôlesysteem.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)