LDODK wint fan DOS Kampen

12 feb 2012 - 18:08

Kuorbalklup LDODK fan Terwispel die sneon goeie saken troch mei 31-26 fan de nûmer lêst DOS Kampen te winnen. De ploech fan trainer Gerald Aukes bliuwt dêrtroch yn it spoar fan koprinner VADA.

De nûmer ien út Wageningen bliuwt boppe-oan stean troch de oerwinning op SCO. Yn Wageningen waard it 21-14. Mid-Fryslân fan Grou/Reduzum ferlear op 'e nij. Dit kear fan OVVO. Yn Maarssen waard it 27-20 foar OVVO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)