SC Hearrenfean wint mei 1-0

12 feb 2012 - 17:22

SC Hearrenfean hat sneintemiddei mei 1-0 wûn fan RKC. Binnen in heal oere stie de ploech út Waalwyk mei tsien man yn it fjild, omdat Evander Sno in terjochte reade kaart krige nei in gefaarlike oanslach op de skynbonken fan Viktor Elm. Rajiv van La Parra profitearre fan dizze man-mear-situaasje en skoarde foar it skoft út in moaie oanfal.

Yn de twadde helte wienen de rollen omdraaid. Thúsploech RKC krige de bêste kânsen, mar wist net te skoaren. Hearrenfean giet op de ranglist oer FC Twente hinne en stiet op it tredde plak, achter PSV en AZ.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)