Soad iisslachtoffers yn wykein

12 feb 2012 - 16:54

De Fryske sikehuzen krigen it ôfrûne wykein mei-inoar hûnderten iisslachtoffers binnen. It wie fral drok by it Antoniussikehûs yn Snits. Dit sikehûs krige sa'n 145 iisslachtoffers te ferwurkjen mei benammen botbreuken en ferwûnings oan de holle. Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum krige sa'n 50 iisslachtoffers binnen.

It sikehûs yn Snits krige oer de hiele froastperioade rekkene sa'n 400 iisslachtoffers binnen. Sikehûs De Tjongerschans krige yn dy tiid sa'n 200 iisslachtoffers op de earste help. De pyk lei ek hjir yn it ôfrûne wykein.

Om de drokte op te heinen hawwe ferskate it sikehuzen dit wykein ekstra personiel ynset. Op It Hearrenfean wie ek in ekstra gipstafel yn gebrûk.

Trefwurden: 
sikehûs iisslachtoffers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)