Wüst pakt brûns op 3 kilometer

© www.awfoto.nl
Ireen Wüst hat by de wrâldbekerwedstriden yn Hamar it brûns pakt op de 3 kilometer. Yn de lêste rit kaam se krekt te koart yn it duel mei grutte favoryt Martina Sábliková. De rydster út Tsjechië klokte in tiid fan 4.05.88. Wüst sette in tiid fan 4.06.57 del. It sulver wie foar de Dútse Stephanie Beckert.
Yn de stân om de wrâldbeker stiet Sábliková mei 400 punten noch altyd rûm foar op har konkurrinten. De Dútse Claudia Pechstein stiet op it twadde plak (230) folge troch lângenoat Beckert (210). Wüst stiet op it fjirde plak.