Sulver en brûns op 5000 meter

19 feb 2014 - 16:03

Martina Sábliková hat de fiif kilometer foar froulju wûn op de Olympyske Spelen yn Sotsji. De titelferdigener út Tsjechië hie in tiid fan 6.51.54. Se wie dêrmei rapper as Ireen Wüst dy't 6.54.28 ried. Dy hat oant no fjouwer medaljes op dizze Spelen helle. Carien Kleibeuker ried 6.55.66 en is dêrmei tredde wurden. Dat spande der noch om. De Russyske Olga Graf ried mar 11-hûndertste stadiger as Kleibeuker. Yvonne Nauta fan Twellingea einige as sechsde, in grutte teloarstelling foar de rydster.

Carien Kleibeuker wennet al jierren op It Hearrenfean. Se is mei har 35 jier de âldste Nederlânske reedrydster oait op de Winterspelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)