Tips oer dea frou Drachten

19 feb 2014 - 12:06

De plysje hat twa nije tips binnenkrigen oer de dea fan in 54-jierrige frou út Drachten. Oft dêr belangrike ynformaasje by sit, is noch net dúdlik. It slachtoffer ferstoar foarige wike tiisdei neidat se mei har skootmobyl yn it wetter rekke wie. Ynearsten gie de plysje út fan in ûngelok, mar letter waard har man oanhâlden. Hy soe mooglik belutsen wêze by de dea fan syn frou. De rjochter-kommissaris hat woansdei besluten dat de fertochte noch alve dagen langer fêstsitten bliuwe moat.

It Iepenbier Ministearje hat besletten de saak fierder te ûndersykjen. Fanwege de persoanlike omstannichheden fan de man wurde gjin fierdere meidielings dien.

Trefwurden: 
Drachten plysje scootmobyl dea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)