CdK:'Yrritaasje wie terjochte'

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma bliuwt derby dat syn yrritaasje oer it ynterview mei Omrop Fryslân yn Sotsji terjochte wie. Jorritsma reagearde woansdei yn de Steategearkomste op fragen fan de PVV. Omrop-ferslachjouwer Roelof de Vries frege de kommissaris earder nei de needsaak fan syn besite oan de Spelen. Hy reagearre dêrby ûnder oare mei de opmerking 'dan moatte jo werom nei skoalle'.
Terjochte, seit er, om't de ferslachjouwer neffens him te lang hingjen bleau yn deselde, suggestive fragen.
De kommissaris sei noch dat syn besite oan Sotsji wol deeglik wat oplevere hat. Sa komt in delegaasje út Súd-Koreä nei Fryslân om te sjen hoe't it profesjonele reedriden hjir oanpakt wurdt. Oer fjouwer jier binne de Olympyske Winterspelen yn Súd-Koreä. De kommissaris seit dat er yn de takomst besykje sil him net sa út de tinte lokke te litten.