Blog: Jorrit is dé held

Sven Kramer Jorrit Bergsma en Bob de Jong © ANP
Jorrit Bergsma wint goud. En hoe. Mei in fantastyske tiid, op in leechlânbaan. In Olympysk rekôr. Un-foar-stel-ber knap.
Wat spitich is it dan, dat it dêrnei hast allinnich mar oer Sven Kramer giet. Ik begryp it wol, hielendal ûnlogysk is it net. Mar spitich is it wol. Sven wie dé te kloppen man. En eltsenien gunde it him. Foaral nei de foute wiksel yn Vancouver. Revâns, dat moast it wurde. Mar dat slagge net.
Mar dat kaam foaral troch in fenomenale Bergsma. Sa as Sven sels ek al sei, as ik gjin lêst fan myn rêch hân hie, dan hie Jorrit ek wûn. Dochs freegje ik my ôf wêrom't Sven foar de race nea sein hat dat hy noch altyd lêst fan syn rêch hie en dat pas die nei de race.
Jorrit kin der ek neat oan dwaan. Hy is op dit stuit de bêste. By de huldiging yn it Holland Heineken House kaam Sven Kramer ek del. Sportyf fan him. Al heard dat der ek by. Yn goeie tiden en yn minne tiden. Mei tank oan it publyk en syn fans (en dêrtroch in soad omtinken yn de media), is Sven no sa grut as hy is. Hy hat it fansels allegear dien, mar de wrâldkampioen Frysk damjen krijt echt in stik minder oandacht. Sven kaam op it poadium by Viggo Waas. Viggo neamde him in held, baalde dat hy net wûn hie en knuffelde him oan alle kanten. Al moast Sven dêr sjoen syn lichemshâlding net safolle fan ha.
Nei de 5000 meter stie Bergsma ek op it poadium. Hy wie sa teloarsteld oer syn brûnzen medalje. Mar hy stie op it poadium mei in glimlaits. Hy woe it feestje foar Sven en Jan Blokhuijsen net ferpeste. Doe't hy oanjoech teloarsteld te wêzen, krige hy boe-gerop te hearren. Jorrit bleau laitsjen, ûndergie, sprong mei, dy syn wurk en ferliet de seal.
Kramer kaam op it poadium en woe der sa gau as mooglik wei. Logysk. Mar troch syn lichemshâlding en syn gesichstútdrukking, seach eltsenien nei Kramer, yn stee fan nei Jorrit. Ik seach de gesichtsútdrukking fan heit en mem Bergsma en fan Heather Richardson. Sa fan: "moat dit no sa?" Nei de huldiging lizze alle sporters in tegel yn dat wat Heineken 'de Legendary Lane, neamt. Sven pakte de tegel en rûn der mei de seal út.
Dêrnei is faak noch in parsekonferinsje. Jorrit en Bob skoden oan, Sven net. Bob baalde fan de hâlding fan Sven. "Als je hier komt, moet je ook normaal doen."
Dat Sven baalt, begrypt eltsenien. Dat hy gjin sin hat yn in feestje ek. Ik begryp dat hy by de NOS goed syn ferhaal dien hat. Dat die hy ek foar ús kamera. "Der is net ien dea, mar ferfelend is it wol." Prima reaksje. Mar toch, mar toch. In krekt wat oare hâlding, hie krekt wat mear respekt oplevere en dan hie eltsenien mei him fuortrûn. No komt der dochs wer krityk en wurdt der in soad praten oer Sven yn stee fan oer Jorrit. Want wat Jorrit juster sjen litten hat, wie fe-no-me-naal.