Syktocht nei fermiste frou

19 feb 2014 - 11:15

De plysje is tiisdei begûn mei in grutskalige sykaksje nei Thea Kootstra-Oosting (52) út Ravenswâld. Se wurdt sûnt sneintenacht fermist. Mei in helikopter is socht boppe it gebiet tusken Appelskea en Ravenswâld. Hjir soe se foar it lêst sjoen wêze. Dûkers hawwe socht yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart en makken hjirby gebrûk fan waarmtebylden. De sykaksje is jûns om kertier foar njoggenen staakt. Woansdeitemiddei sille dûkers op 'e nij sykje nei de frou. De plysje giet noch net út fan in misdriuw, mar wol noch neat sizze oer it ûndersyk.

Se is 1.61 lang en hat ljocht hier en grize eagen. Op de dei fan de ferdwining hie se in swarte wattearde jas oan, griis fest, brune learzens en in spikerbroek oan. De frou hat in litteken fan in operaasje op de linkerûnderearm en in litteken fan in iepen hertoperaasje. Se hat in trouring om. De plysje freget tsjûgen hat te melden.

De syktocht hat woansdei oan de ein fan de middei hat noch altyd neat opsmiten. Der wurdt no oerlein mei de famylje oer wêr no fierder te sykjen, want de plysje hat gjin oanknopingspunten mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)