V/d Velde: ynteresse yn Polare

Polare hat te krijen mei in legere omset
Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert is der tige wiis mei dat de Polare-saken net as ien gehiel ferkocht wurde. Lykas bekend hat Van der Velde belangstelling foar in tal winkels. De advokaat fan Van der Velde sil oerlizze mei de kurator fan Polare om te sjen hokker winkels foar oername yn de beneaming komme kinne.
De Polare-boekwinkels binne woansdei tydlik iepen foar it publyk.