Hieltyd minder koperstellerij

19 feb 2014 - 08:31
  • Bou
  • Metaalhannel yn Drachten

Der wurdt hieltyd minder koper stellen. Foaral troch in bettere befeiliging fan bouplakken hawwe koperdieven hieltyd minder kâns. Dat seit de plysje. Ek is de metaalhannel ferplichte om legitimaasje te freegjen as der in partij koper oanbean wurdt. De measte bedriuwen hâlde har dêroan, al rint de kontrôle derop wol wat achter.

Frank Freriksen fan Friso Koopmans fernimt dat de stellerij op it bouplak by it Raadhuisplein yn Drachten minder is troch de kamerabefeiliging en nachtlike kontrôles.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)