Fytspaad Ljouwert nei Grins

19 feb 2014 - 08:06

Der moat in Fietsroute Plus-fytspaad komme fan Ljouwert nei Grins. Dat fynt alteast Sipke Hoekstra fan VVD Smellingerlân. De provinsje Grins hat plannen om fan de fytsrûte tusken Grins en De Like in saneamde Fietsroute Plus te meitsjen, in ekstra breed en komfortabel fytspaad.

VVD Smellingerlân heakket hjir graach by oan en wol it fytspaad fierder trochlûke fia Mearum en Drachten nei Ljouwert. Neffens Hoekstra hat dat allinnich mar foardielen foar it miljeu, de sûnens fan fytsers en sil it de druk op 'e diken ferminderje.

VVD Smellingerlân hat it kolleezje oproppen buorgemeenten te benaderjen. It inisjatyf wurdt stipe troch it Fytsersbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)