Gearwurking DFW en apotekers

19 feb 2014 - 07:53

Soarchorganisaasje De Friese Wouden sil yntinsiver gearwurkje mei ferskate apotekers yn Drachten. Al langere tiid wurdt gearwurke op it mêd fan medikaasjebegelieding, mar no sille de apotekers ek medyske helpmiddels en materialen foar diabetessoarch, wûnesoarch, stomasoarch en ynkontininsje útdiele.

Meiwurkers fan de apoteken kinne ferpleechkundigen fan De Friese Wouden om rie freegje en kinne boppedat in húsbesite foar de kliïnt regelje wannear't der problemen binne. Doel is persoanlike fragen en behoeften earder te sinjalearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)