'Kramer moat dúdlikheid jaan'

19 feb 2014 - 07:24

Deputearre Johannes Kramer moat gau dúdlikheid jaan oer de finansjele stipe fanút de provinsje foar it projekt 'Kansen in Kernen' yn de doarpen Garyp, Burgum en Hurdegaryp. Dat fynt CDA-Steatelid Henk van der Veen. 'Kansen in Kernen' is opset om de doarpskearnen yn doarpen lâns de Sintrale As opnij yn te rjochtsjen as tsjinprestaasje foar oanlis fan de dyk.

Yn Garyp, Burgum en Hurdegaryp lizze plannen klear foar de werynrjochting. Ek hat de gemeente jild beskikber steld. It is noch wachtsjen op de tasizzing fan de provinsjale stipe.

Van der Veen sil Kramer ynkoarten oan syn jaske lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)