Nije fisksteigers De Westereen

19 feb 2014 - 07:20

Fiskers krije der 22 nije steigers by yn de Swemmer op De Westereen. De lokaasje lûkt in soad fiskleafhawwers oan en sil dêrom flink útwreide wurde. Njonken ekstra steigers komt der ek in nij parkearterrein. Mei fiskferiening De Westereen, doarpsbelang, Steatsboskbehear en de gemeente hat Sportvisserij Fryslân plannen makke foar de útwreiding.

Sportvisserij Fryslân finansierret it projekt. Ek gemeente Dantumadiel en doarpsbelang De Westereen stypje it plan mei in finansjele bydrage. Yn april sille de wurksumheden fan start gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)