Sotsji, dei 13: 5 km froulju

19 feb 2014 - 05:54
  • Yvonne Nauta

De 13e dei fan de Winterspelen is in folsleine frouljusdei foar it Nederlânske kamp. Mei it parallelreuzeslalom snowboarden foar froulju en de 'froulike' twamansbob. Foar Fryslân is foaral de 5 kilometer reedriden ynteressant. Dy wedstriid begjint om 14.30 oere.

Mar leafst trije Fryske froulju ferskine oan de start: Ireen Wüst, Yvonne Nauta en Carien Kleibeuker. Foar Yvonne Nauta fan Twellingea is it de ienigste kâns op in medalje, it startbewiis foar de 3.000 meter gie oan har noas foarby.

Nauta moat it yn de lêste rit opnimme tsjin trijefâldich Olympysk kampioene Claudia Pechstein út Dútslân. Ireen Wüst moat de rit dêrfoar tsjin Martina Sábliková. Dizze Tsjechise is de titelferdigener.

Carien Kleibeuker, al jierren ynwenner fan It Hearrenfean, is mei har 35 jier de âldste Nederlânske reedrydster ea op de Winterspelen. De maratonrydster docht foar de twadde kear yn har karriêre mei oan de Olympyske Spelen. Acht jier lyn yn Turijn waard se tsiende op de 5.000 meter. Kleibeuker moat yn rit 5 en rydt tsjin de Japanske Masako Hozumi.

Moarn komme der gjin Nederlanners yn aksje yn Sotsji.

Sjoch hjir foar it skema fan de 5.000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)