Polare woansdei wer iepen

Polare hat te krijen mei in legere omset
De winkels fan boekwinkelketen Polare wurde apart ferkocht. Dat hat kurator Kees van de Meent tiisdei bekend makke. Petearen mei seis partijen oer in hiele trochstart binne mislearre. Mar om't de ynteresse grut is, tinkt de kurator dat apart ferkeapje wol slagje sil.
Yn de tuskentiid geane de winkels, wêrûnder ek ien yn Ljouwert, fan woansdei ôf wer iepen. Polare is in kombinaasje fan de winkels fan Selexyz en de Slegte.