Feest yn Jorrit syn Aldeboarn

18 feb 2014 - 21:11

It wie feest tiisdei yn Aldeboarn, nei de gouden medalje fan ynwenner Jorrit Bergsma op de 10 kilometer yn Sotsji. By iisklup De Wiksel, dêr't Jorrit syn earste reedrydlessen krige, ûntstie in spontaan feestje. Der waard fjoerwurk ôfstutsen en de flagge stiet op de tsjerketoer.

Mar in feestje is net kompleet sûnder gebak: dêrom dielt de supermerk woansdei gebak út mei foto's fan Jorrit der op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)